Ljouwert betellet net foar SCI

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert betellet gjin reiskosten foar ynwenners fan de gemeente dy't by kompjoeterbedriuw SCI wurkje kinne. Neffens wethâlder Hafkamp is dat in saak foar it bedriuw sels.
Oare gemeenten, lykas Snits en Smellingerlân, komme har ynwenners wol temjitte mei de reiskosten, fia regelingen mei Arriva. SCI kin dreech genôch wurknimmers fine.