Kommersjele regio-tv yn Bretanje

02 okt 2000 - 17:11
Foto: Omrop Fryslân

Regionale televyzje meitsje op kommersjele basis is net maklik. Dat is it gefal yn Bretanje. Begjin septimber sette dêr TV Breizh út ein en no docht bliken dat de reklame-ynkomsten ôffalle. De Frânske steat wol gjin jild betelje foar in Bretonske tv-stjoerder.

It Bretonsk wurdt praat yn it westen fan Frankryk. Lykas it Frysk is it ien fan 'e minderheidstalen yn Europa.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)