Kontaktgroep siket MS-pasjinten

02 okt 2000 - 12:14

De kontraktgroep MS-pasjinten op It Hearrenfean makket him soargen oer it tebekrinnende ledetal. De belangegroep bestiet sûnt 1984, mar de lêste tiid is der amper flecht op 'e koai.

De pasjinten binne der wol, dat mooglik witte se net fan it bestean fan 'e club ôf, sa tinkt de feriening. Dêrom is op tiisdei 3 oktober in kontaktdei yn ferpleechhûs Anna Schotanus op It Fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)