Omrop Fryslân op 'e satellyt?

30 sep 2000 - 15:41

De útstjoerings fan Omrop Fryslân TV moatte ek op satellyt te sjen wêze. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma yn it tiidskrift 'Footprint'. Atsma soe stommegraach yn Den Haach de regionale Fryske tillevyzje folgje wolle.

Atsma wol de TV-satellyt stimulearje as alternatyf foar de kabel, om it monopoly fan de kabel tsjin te gean. Ek foar it bûtengebiet is satellyt in útkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)