Gebouwekompleks GGZ ferkocht

29 sep 2000 - 17:55
Foto: Omrop Fryslân

It gebouwekompleks fan GGZ-Fryslân yn de binnenstêd fan Frjentsjer wurdt ferkocht oan Tastabouw út Ljouwert en Haarsma BV út Tsjerkwert.

Doel is dat der yn it kompleks apparteminten, wennings, kantoaren en kulturele romten komme. Allinnich it midsieuske kleaster en it gebou de Westerpoort bliuwe yn hannen fan de GGZ. Der wurdt 10 miljoen foar it kompleks betelle.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)