Grut alarm nei gaslek by Arum

© Omrop Fryslân
By Arum binne tongersdeitejûn 30 minsken evakuearre nei in lek yn in hegedrukgaslieding fan 'e Gasunie út Grins. It gas spuite mei flinke krêft út it lek. Twa mannen waarden de loft ynsmiten en autoruten op grutte ôfstân sprongen stikken.
It lek ûntstie troch graafwurksumheden oan de Kammingawei. De brânwacht hâlde alles wiet fanwege eksploazjegefaar. Nei twa oeren wie de needsitewaasje oer.