Man omkommen by brân yn hûs

28 sep 2000 - 18:43

In 53-jierrige man is by in brân yn syn wenning oan de Mûnewei yn Easternijtsjerk ferstoarn. Tongersdeitemoarn krige de brânwacht melding fan in útslaande brân. It hiele hûs wie in flammesee, dat it wie ûnmooglik om binnen te kommen.

De bewenner is nei alle gedachten troch reek stikt. De technyske resjerzje is mei in ûndersyk nei de oarsaak begûn. By de brân is de hiele wente fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)