Rampe-oefening goed ferrûn

© Omrop Fryslân
Trettjin ynstânsjes wurken woansdeitejûn yn Oentsjerk mei oan de grutste kalamiteite-oefening yn Fryslân. De fleanbasis Ljouwert hat de opdracht alle jierren te oefenjen om taret te wêzen op rampen en opfang fan slachtoffers.
Nei in rommelich begjin rûn de koördinaasje nei in oere goed tusken de 160 minsken fan ûnder oare plysje, brânwacht, ambulânse- en sikehûspersoniel.