Stipe foar ynternet-kursussen

© Omrop Fryslân
De provinsje wol 125.000 gûne stekke yn de twadde fase fan Op Paad. Op Paad is opset om ynternet op it plattelân te stimulearjen troch kursussen en it meitsjen fan websites oer doarpen.
Op Paad-2 wol yn trije jier tiid 2400 minsken in kursus jaan en 120 doarpen it ynternet op helpe. Boppedat sil besocht wurde om 15 'agrotoeristyske' bedriuwen op paad te helpen mei E-commerce.