Tefreden Keamer fan Keaphannel

27 sep 2000 - 18:25

De klanten fan de Keamer fan Keaphannel yn Fryslân binne tefreden oer de ferliende tsjinsten. Dat blykt út in lanlik ûndersyk ûnder alle 21 fêstigingen. De Fryske Keamer kaam as tredde op de list.

De ynstelling wurdearret de tredde posysje om't it kostenivo leech is. Mei de útkomsten wurdt de tsjinstferliening, dêr't ûnderwilens in yntern opliedingsprogram foar rint, noch mear ferbettere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)