Konflikt boargemaster mei PvdA

© Omrop Fryslân
De PvdA-ôfdieling Eaststellingwerf hie tiisdeitejûn in ekstra gearkomste oer de posysje fan boargemaster Lesterhuis. Dy hat it lidmaatskip fan 'e PvdA opsein. Reden dêrfoar is it opstappen fan wethâlder Carel Zuil, ferline wike.
De wethâlder hat syn funksje dellein, om't syn partijgenoaten him net genôch stipen. Lesterhuis is no de iennichste partijleaze boargemaster fan Fryslân.