Plysjeberjocht

26 sep 2000 - 10:30
Foto: Omrop Fryslân

De plysje fan Drinte siket tsjûgen, dy't wat ôfwitte fan 'e ûntfiering fan Biserka Popov (51) út Emmen. Se waard ferline sneon ûntfierd út har hûs yn Emmen, om in pear dagen letter wer op te dûken op It Hearrenfean.

Se waard tiisdeitejûn by de McDonalds út de auto set. De plysje fan Drinte siket no kontakt mei minsken dy't dêr fertochte auto's of minsken sjoen ha.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)