60 Fean-fans nei Pireaus

© Omrop Fryslân
De belangstelling fan supporters fan SC Hearrenfean foar de útwedstriid tsjin Olympiakos Pireaus woansdei falt ôf. Mar 60 supporters reizgen moandei ôf nei Grikelân. Yn it stadion fan Pireaus sitte se tusken 70.000 Griken.
Neffens trainer Foppe de Haan moat Hearrenfean yn Grikelân de oanfal sykje. Dan lizze der kânsen, foar de goal hingjen bliuwe hat gjin doel.