Ungelokken op autoleaze snein
Autoleas of net, ek snein wienen der yn it ferkear in tal slimme ûngelokken. By De Jouwer botsten in brommer en in auto op inoar. De bestjoerder fan de brommer, in 18-jierrige Jouster dy't gjin helm op hie, rekke slim ferwûne.
By Ketlyk seach in automobiliste dy't ôfsloech in motor net. In botsing wie it gefolch. De motorrydster en har passazjier rekken beide ferwûne.