Keatsseizoen ôfsluten

© Omrop Fryslân
It keatsseizoen sit der wer op. Snein wie yn Ljouwert de Aldhou-partij, tradisjoneel de lêste wedstriid fan it jier. De winst op de útnoegingspartij wie foar Robert Rinia, Sake Porte en Auke van der Graaf.
Chris Wassenaar waard dit jier winner fan it klassemint. Hy sloech 57 punten byinoar. De lêste wiken stie er droech, sadat er de grins fan 60 krekt miste.