Slach by Warns betinking

© Omrop Fryslân
It Ryk moat mear foar de Fryske taal dwaan. Dat sei deputearre Mulder sneon by de betinking fan de Slach by Warns. Den Haach jout neffens him te min omtinken oan de twadde offisjele taal, wylst it regear it Europees Hânfest foar Minderheidstalen ûndertekene hat.
Likernôch 150 belangstellenden betochten de Slach fan 1345 by it Reaklifmonumint mei taspraken en sjongen.