Bosklânbou hat de takomst

© Omrop Fryslân
Bosklânbou is in nije foarm fan lânbou dat greidbuorkjen kombinearret mei fruittylt bygelyks. De Stichting Bosklânbou wol de foarm fan buorkjen dêr't subsydzje foar is, gau ynfiere yn it ROM-gebiet yn Súdeast-Fryslân.
Jan de Boer yn Boelensloane eksperimintearret al in skoft mei bosklânbou. Hy teelt neist fruit ek kwaliteithout as twadde tûke fan ynkomsten.