Mûne yn Marsumerpolder weriepene

© Omrop Fryslân
De restaurearre mûne fan de Marsumerpolder is sneon weriepene troch boargemaster Van Delft. Frijwilligers knapten de mûne de ôfrûne twa jier op. Dat koste 180.000 gûne. Earder waard de mûne brûkt foar it bemeallen fan de polder.
Yn Marsum waard ek in wurkpleats fan de Stichting Mûnen yn Menameradiel iepene om oan mûne-ûnderdielen te wurkjen. De Stichting hat noch sân oare mûnen.