'KPN moat skeafergoeding jaan'

© Omrop Fryslân
De tillefoanproblemen op It Hearrenfean binne noch net foarby. Tûzenen minsken kinne ien wike nei de bliksemynslach yn 'e sintrale noch hieltyd net skilje.
De gemeente fynt dat de KPN harren abonnees no in skeafergoeding jaan moat. De KPN prakkeseart der net oer. De skea foar it bedriuw soe sa al grut genôch wêze. It kin noch wol 5 wike duorje foardat elts wer belje kin.