Roorda al wer útferkocht

© Omrop Fryslân
De 14 reprizefoarstellings fan it Tryaterstik Roorda binne folslein útferkocht. De foarstelling waard spesjaal foar Simmer 2000 makke. It stik giet oer de kommunist en emigrant Gerrit Roorda fan De Tynje.
Fanwege de grutte belangstelling hie Tryater besletten it stik fan 26 septimber oant en mei 26 oktober op 'e nij te spyljen. Alles is al wer útferkocht.