Boetes foutparkearders ûnderweis

22 sep 2000 - 13:56

Rûchwei 5000 automobilisten krije de kommende wiken in boete yn 'e bus om't se dit jier fout parkeard hawwe yn It Hearrenfean. De gemeente hat ein ferline jier betelle parkearen yn it sintrum fan It Hearrenfean ynfierd.

It innen fan parkearjild, mar ek it innen fan de boetes is útbestege oan in bedriuw. Troch softwareproblemen ha de foutparkearders noch neat heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)