Man stekt hûs yn 'e brân

22 sep 2000 - 10:22
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner fan Sint Nyk hat woansdeitejûn nei rúzje mei syn frou harren hûs yn 'e brân stutsen. De man is oanholden.

De frou hie earder al de plysje belle. Doe't dy oankaam stie de achterkant fan it hûs yn 'e brân. Op it balkon stie de frou mei twa lytse bern, de man woe de plysje tsjinhâlde mei in ljedder. Nei't de plysje in pistoal lutsen hie, flechte de man en koe de famylje rêden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)