Boarje yn Iselmar tastien

© Omrop Fryslân
It is de gemeente Gaasterlân-Sleat net slagge gasboarrings yn 'e Iselmar tsjin te hâlden. De gemeente hie in boarferbod yn it bestemmingsplan opnommen. Mar dat mei net fan 'e Rie fan Steat.
Neffens de Rie fan Steat mei inkeld de lanlike oerheid sa'n ferbod ynstelle. De saak wie foar de rjochtbank brocht troch it ministearje fan Ekonomyske Saken.