Eksploazje yn skoalgebou

22 sep 2000 - 09:45
Foto: Omrop Fryslân

Wurksumheden yn in skoalle oan de Linde yn Drachten hawwe woansdeitemiddei in eksploazje feroarsake. By it boarjen fan gatten yn in spoumuorre is in gaslieding rekke.

By de ûntploffing stoarte de muorre yn en fleach it dak yn 'e brân. De brânwacht moast derby komme. Gjinien rekke ferwûne by de ûntploffing. De skoalle wie fierhinne leech.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)