Brân by blikfabryk

© Omrop Fryslân
By it bedriuw Impress yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei brân west. De brân yn it blikfabryk ûntstie doe't in kompressor ûnder te hege druk kaam te stean.
De sechtich wurknimmers dy't yn it gebou wienen, waarden op 'e tiid evakuearre. De brânwacht hie it fjoer nei in heal oere ûnder kontrôle. Oer de omfang fan de skea is noch neat bekend.