No 38 ielfiskers beboete

21 sep 2000 - 15:47

De AID hat tongersdei alwer twa kear proses-ferbaal opmakke tsjin ielfiskers op 'e Iselmar. Der binne no 38 boetes útskreaun. De fiskers meie in wike de Iselmar net op fanwege fangstbeheinings.

De Algemiene Ynspeksjetsjinst treedt hurd op tsjin oertreders. Njonken boetes dy't der net om lige, komt ek de fergunning yn gefaar. Neffens de AID docht dy oanpak fertuten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)