'Keninklike' stâlynrjochtings
De Boer Stalynrjochting yn Ljouwert mei him offisjeel 'keninklik' neame. Ut namme fan 'e Keningin lange boargemaster Van Baalen woansdei de oarkonde oer.
It bedriuw hat mei syn 130 jierrich bestean in lange steat fan tsjinst. Sûnt 100 jier sitte se yn Ljouwert, dêr't yn maaie in nij gebou yn gebrûk nommen waard. Doe waard bekend dat it predikaat 'keninklik' takend wie.