Swierdere straffen fiskers

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Faber fan Fiskerij hat de straffen ferswierre foar Iselmarfiskers dy't har net oan it fangstferbod hâlde. Oertrede se it ferbod foar de twadde kear, meie takom jier twa wiken net fiskje. Wa't in tredde kear pakt wurdt, krijt gjin fergunning mear.
Oant no ta krigen oertreders in boete fan 25 tûzen gûne. De straf is om't de oare fiskers oars beneidiele wurde.