Bytsje plysje by wedstriid
De plysje set mar 30 minsken yn by de Champions Leaguewedstriid Hearrenfean Valencia. Dat is folle minder as by de risikowedstriden tsjin Ajax of Cambuur.
De wedstriid tsjin Valencia jildt net as in risikowedstriid. Der is mar in hantsjefol supporters út Valencia yn it Abe Lenstrastadion. De Valenciafans steane neffens de plysje bekend as noflik yn 'e omgong.