Rûnwei miljoenen djoerder

20 sep 2000 - 17:19

De nije súdlike rûnwei by Frjentsjer wurdt minimaal tsien miljoen gûne djoerder as begrutte. De Nederlânske Spoarwegen easkje in fiadukt oer it spoar, wylst de gemeente en provinsje útgiene fan in spoarwei-oergong.

Yntusken is út ein set mei de oanlis fan de rûnwei. It is noch net dúdlik oft de opstelling fan de NS ek fierdere gefolgen hat foar it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)