Soad sjoernalisten by wedstriid

© Omrop Fryslân
De earste thúswedstriid fan SC Hearrenfean yn de Champions League lûkt in soad belangstelling. Sechtich Spaanske sjoernalisten reizgen de klub Valencia achternei om de wedstriid woansdei út it Abe Lenstrastadion te ferslaan.
De Spaanske fuotbalploech útfanhûzet yn Beetstersweach, dêr't yn Lauswolt in dei foar de wedstriid de drok besochte parsekonferinsje wie.