Provinsjebestjoer teloarsteld

20 sep 2000 - 12:24

Fryslân krijt te min. Dat is de reaksje fan 'e provinsje op de miljoene-nota. De provinsje is teloarsteld dat it ryk gjin jild oer hat foar it ferbetterjen fan de gefaarlike dyk Harns-Surch.

Ek de oanlis fan de rûnwei om Snits duorret de provinsje te lang. Fryslân profitearret sa te min fan 'e bettere ekonomyske tiden, fynt it provinsjaal bestjoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)