Undersyk nei 'Wurk en soarch'

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim sil ûndersykje wêr't minsken dy't wurk en soarch kombinearje, ferlet fan hawwe. De gemeente hat dêr subsydzje fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid foar krige.
Foar it ûndersyk wurde 600 húshâldens benadere. Der wurdt frege nei it ferlet fan berneopfang en persoanlike tsjinstferliening. Uteinlik moatte wurk en soarch better tegearre gean.