Freezefestival goed besocht
It Freezefestival luts sneontejûn aardich wat folk nei de Harmonie yn Ljouwert. Op fiif poadia fertoanden 32 Fryske bands en dance acts harren keunsten oant yn 'e lytse oerkes.
De heldere gitaarklanken fan 'e Surf A's út Dokkum krigen yn 'e foyer de fuotsjes fan 'e flier. By it 'senere' Twarres bliuwde in part fan it publyk krekt wol op 'e flier sitten.