Fergoeding foar ATF-dupearren

© Omrop Fryslân
Boeren dy't skea hân hawwe fan de grutte brân by ATF krije in skeafergoeding. De ATF en boere-organisaasje NLTO binne it dêroer iens wurden. Moandeitejûn wurde de boeren ynljochte oer de ynhâld fan de regeling.
By de brân kamen skealike stoffen frij. De boeren moasten allegear maatregels nimme om sûnensrisiko's foar te kommen en koenen de molke net ferwurkje.