Feemerk set doarren iepen
De feemerk yn Ljouwert presintearre him sneon oan it publyk op har jierlikse iepen dei. Op dizze 15'e Provema kamen in soad bern. Foar har wie der dan ek fan alles te dwaan.
Doel fan de dei wie it publyk mear te fertellen oer it fenomeen feemerk en it imago fan feehannelers te ferbetterjen. It tal bisten dat fia de feemerk ferhannele wurdt stiicht wer.