Brantsjes troch werljocht

16 sep 2000 - 18:19

De stoarm dy't freedtenacht oer Fryslân luts, hat plysje en brânwacht it nedige wurk besoarge. De plysje moast der sa'n 20 kear op út foar loaze alarmmeldings.

Yn Himmelum sloech de werljocht yn yn in beam, njonken in pleats. Troch de ûntlading begûn it reiten dak fan de pleats te baarnen. De brânwacht koe it fjoer blusse. Yn Tsjummearum wie in brantsje yn in hûs. Nimmen rekke ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)