PvdA tsjin mear lisplakken
De steatefraksje fan de PvdA is tsjin útwreiding fan de kapasiteit fan jachthavens yn Fryslân. Neffens it buro Waterrecreatie Advies is yn it eastlik Iselmargebiet de kommende 30 jier romte foar 13.500 lisplakken.
Neffens de PvdA moat net oanstjoerd wurde op grutskalige útwreidingsplannen, mar op in kwaliteitsferbettering fan de besteande foarsjennings.