Swimbad op Skier is lek

15 sep 2000 - 18:31

Swimbad de Dúnatter op Skiermûntseach is lek. Fan 't simmer is der alle dagen 20 kúb wetter út it bad lekt. It probleem is net fuortendalik ferholpen, om't in tydlike sluting folle djoerder útfalle soe as it wetterferlies.

Mei lytse kamera's is besocht te sjen oft it lek yn ien fan de liedingen sit. Sûnder resultaat. Dêrom sil no besocht wurde reek troch de liedingen te blazen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)