Ferset tsjin Fryske plaknammen

© Omrop Fryslân
De 350.000 gûne dy't Wûnseradiel útlûke wol foar de feroaring fan plaknammebuordsjes is jildfergriemerij. Dat is de miening fan Doarpsbelang Penjum.
Wûnseradiel is fan doel om de twatalige buordsjes te ferfangen troch Frysktalige. Doarpen as Surch, Parregea en Penjum soene leaver wolle dat it jild foar oare saken brûkt wurdt. Yn Penjum hâldt Doarpsbelang earst in enkête.