Oefenje foar de Keningin
It eareskwadron fan 'e Fleanbasis Ljouwert oefene tongersdei foar harren eksersysje op Prinsjesdag. Takom tiisdei wurde de militêren by paleis Noordeinde inspektearre troch in generaal.
It Ljouwerter skwadron bestiet út twa pelotons, ien út Ljouwert en ien út Twinte. It Fryske peloton hat de lieding en mei sadwaande it findel drage.