SC Hearrenfean strûpt der ûnder

14 sep 2000 - 11:50
Foto: Omrop Fryslân

Foar Hearrenfean is it debút yn de Champions League tiisdei útrûn op in teloarstelling. De Feansters hiene yn en tsjin Lyon neat yn te bringen en ferlearen mei 3-1.

Yn njoggen minuten stie Hearrenfean al mei 2-0 achter. Talan koe foar it skoft noch foar 2-1 soargje mar dat wie tsjin alle ferhâldingen yn. Yn de twadde helte waard de skea beheind ta 3-1.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)