Polityk Boarnsterhim foar't blok

13 sep 2000 - 16:30

De polityk fan Boarnsterhim stiet mei de rêch tsjin de muorre by de hegere boukosten foar de nijbou fan iepenbiere skoallemienskip Sevenwolden yn Grou.

De bou koe net oanbestege wurde foar it earder rûsde bedrach. De rie wurdt no útsteld om nochris 1,2 miljoen gûne beskikber te stellen. De kommisje Underwiis sjocht gjin alternativen. It útstel kin dêrom op in mearderheid rekkenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)