Fersmoarge grûn leit wurk stil

13 sep 2000 - 12:23
Foto: Omrop Fryslân

De rekonstruksje fan de Skoatterlânske wei yn Hearrenfean-Súd rint fertraging op. It docht bliken dat de grûn fersmoarge is. Om te sjen oft de grûn sanearre wurde moat, is it wurk stillein.

De fertraging kin in tal wiken duorje. Der binne ûnder oare twa oaljetanks oantroffen dy't mooglik by in garaazjebedriuw hearre dat op it plak stiet.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)