Abe-eksposysje bliuwt langer

© Omrop Fryslân
De tentoanstelling oer 'Us Abe' yn Museum Willem van Haren bliuwt langer as earst it doel wie. Oant no ta hawwe 4500 minsken de útstalling sjoen. Oaren hawwe noch tiid oant en mei 24 septimber.
Ut emosjonele reaksjes op it prikboerd docht bliken dat 'Abe' noch altyd in soad losmakket. Op 'e eksposysje binne foto's, filmbylden en Abe syn skuon te bewûnderjen.