Hearrenfeanspilers op nei Lyon
Spilers, trener en stêf fan SC Hearrenfean gongen moandeitemoarn op wei nei it Frânske Lyon. Fjouwer bussen fans reizgje har klub achternei om de spilers tiisdei oan te moedigjen by it debút yn de Champions League.
Neffens Foppe de Haan moat de ploech foaral gewoan dwaan. 'Wy moatte doarre as wy de bal hawwe,' sei er.