Yntinsivere plysjekontrôle

12 sep 2000 - 13:48

De plysje kontrolearret it ferkear de kommende tiid yntinsiver. Yn it ramt fan it projekt Fryske Diken hâldt de plysje net allinne de 80 kilometerdiken yn 'e gaten, mar ek wegen yn de beboude kom.

It doel fan de aksje is om it tal ûngemakken yn de provinsje werom te bringen. Tweintich plysjemannen wienen tiisdei by it begjin fan de aksje aktyf. De nije flitspeallen binne ek yn gebrûk nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)