A7 ôfsletten foar swier ferkear

12 sep 2000 - 11:24
Foto: Omrop Fryslân

De A7 tusken Grins en Drachten wurdt de kommende wiken ôfsletten foar swier frachtferkear. De maatregel jildt foar frachtauto's mei in lading fan mear as 50 ton.

Neffens Rykswettersteat is it fiadukt nei in grutte brân ein augustus net mear betrouber. Trije weinen mei striebalen baarnden doe ôf. De konstruksje fan it fiadukt moat no ferfongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)