Mei muoite winst SC Hearrenfean
SC Hearrenfean wûn sneontejûn thús mei 2-1 fan it Bredase NAC. Nei de rêst skoarden Hansma en Talan. De ploech fan trener De Haan kaam dreech op gong. It slagge de Fryske spilers net om de kânsen dy't der wienen te benutten.
Nei de earste wedstriid foar eigen publyk debutearret SC Hearrenfean tiisdei yn de Champions League tsjin Olympique Lyon.