Lemster Aken yn De Lemmer
De binnenhaven fan De Lemmer stie it wykein yn it ramt fan de Lemster Aken. Eigners fan in Lemster Aak koenen oan de Bokkingrace meidwaan.
Ien kear yn de fiif jier wurdt it festival fan de skippen organisearre. Der wienen in protte besikers, it tal dielnimmende aken, likernôch 80, oan de float foel de organisaasje wat ôf.